Wer problemen akwadukt Drachtsterwei: strjitten ticht

19 nov 2015 - 22:04

Der binne op 'e nij problemen by it wurk oan it akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert. Der stiet wetter oan de ferkearde kant fan de daamwand dêr't it nije akwadukt komme moat. Dat komt troch in lek yn de daam. Dûkers ha fannacht it lek fûn. Dat moat ûnder wetter laske wurde. Dêr binne se nei alle gedachten de hiele nacht noch mei dwaande. Foar de wissichheid binne de strjitten Weideflora en Stinzeflora ôfsletten foar autoferkear. Fytsers en fuotgongers kinne der wol del.

Wannear't ek auto's der wer lâns kinne, is noch net krekt dúdlik. As de dûkers it lek tichtmakke ha, moat it wetter ek noch fuortpompt wurde. Dat kin wol even duorje. De gemeente Ljouwert ferwachtet dat de diken freed tusken de middei wer iepen geane foar alle ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)