Hotel 'De Klinze' fan Aldtsjerk is fallyt

19 nov 2015 - 21:19

Hotel De Klinze yn Aldtsjerk is fallyt. Direkteur-eigener Gert Snijders hat it fallisemint sels oanfrege. Sûnt de ekonomyske krisis gie it al minder mei it hotel. Snijders hie grutte plannen om it tij te kearen. Hy woe in serviceflat op it terrein bouwe en it hotel útwreidzje. De fergunnings wiene rûn, mar de bou kaam net fan de grûn. Der wiene gjin ynvestearders.

In hotel mei 27 keamers yn it Noarden fan Nederlân, miskien is dêr ek wol gjin merk foar, seit Snijders.

"Als je plaatjes verkoopt, en er zijn geen pick-ups meer, dan houdt het voor jou ook op." Hy hopet dat it hotel in trochstart meitsje kin, miskien ek wol dat der wat oars yn komt. Mar dat is oan de kurator.

As der gjin oplossing komt, komme de 20 meiwurkers op strjitte te stean. En dat is tryst, seit Snijders. Elkenien hie wol yn de gaten dat it fallisemint der oan siet te kommen. Guon wurken der ek al doe't hy dêr 25 jier lyn begong.

"Het gaat me wel aan het hart. Ik heb een deel van mijn leven daar zitten. Maar ik wil er ook niet al te triest over doen. Ik heb er fantastische jaren meegemaakt. En het leven gaat verder."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)