Siler Pieter-Jan Postma wol fia it WK nei Rio de Janeiro

19 nov 2015 - 21:04

Finnsiler Pieter Jan Postma fan Terkaple begjint sneon oan de wrâldkampioenskippen yn Nij-Seelân. Hy hopet foar de kust fan Takapuna foar de fjirde kear it poadium fan in WK te heljen. As him dat slagget is hy wis fan dielname oan de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro.

Postma hat mei syn twadde plak by it Olympysk testtoernoai yn Rio al foldien oan de noarm fan sportkoepel NOC*NSF, mar hy moat foar ús lân noch wol in Olympysk startbewiis fertsjinje. By it WK lizze fjouwer tickets foar Rio klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)