Fryslân rekkenet op University College Fryslân

19 nov 2015 - 20:32

De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert geane der fanút dat de University College Fryslân der gewoan komt. Tongersdei melde de RyskUniversiteit Grins dat der foarearst gjin oanfraach komt foar in College yn Ljouwert, omdat yn Grins it tal studinten bot ôffalt.

Gemeente en provinsje litte witte dat se earder mei de universiteit ôfpraten hawwe dat de University College der komme soe en dat se ferwachtsje dat de universiteit him oan dy ôfspraak hâlde sil. De University College soe op 1 septimber 2017 iepenje yn Ljouwert.

Studinten krije in Ingelstalige Bacheloroplieding. Se meitsje har eigen programma, dêr't se trije stúdzjerjochtingen by kombinearje. Deputearre Sander de Rouwe en wethâlder Thea Koster rekkenje derop dat de Universiteitsried nije wike in beslút nimt oer de University College dat oerienkomt mei de eardere ôfspraken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)