Sinteklaze-konflikt yn Ljouwert is oplost

19 nov 2015 - 17:04

Sûnt 2011 hat Ljouwert in Sinteklaze-skeel oer de yntocht yn de stêd. Sinteklaas komt oan yn de Prinsetún en gie dan troch de stêd rjochting Skrâns. Yn 2011 waard besletten dat de oerstek fan it spoar te gefaarlik wie. De winkeliersferiening fan de Skrâns wie it hjir net mei iens. It gefolch wie dat der de lêste jierren twa Sinteklaze-yntochten wiene: yn de Prinsetún en op de Skrâns.

De oplossing is no fûn: Sinteklaas komt oan yn de Prinsetún en wurdt útwuifd op de Skrâns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)