"Fryslân moat ynternasjonaal bus-knooppunt wurde"

19 nov 2015 - 16:21

Fryslân moat folle mear dwaan om in halteplak te wurden foar bopperegionaal en ynternasjonaal busferkear. Dat fynt de steatefraksje fan D66. Der is bygelyks in ynternasjonale ferbining tusken Berlyn en Hamburg oer Grins nei Amsterdam, mar dy hat gjin halte yn Fryslân. Dat soe wol moatte, seker mei it each op Kulturele haadstêd 2018, fynt D66.

De partij fynt ek dat der in spesjale OV-deikaart foar toeristen komme moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)