University College Fryslân komt noch net fan de grûn

19 nov 2015 - 14:53

It plan foar de University College Fryslân stiet foarearst yn de iiskast, de oanfraach wurdt noch net yntsjinne. Earst moat it College yn Grins suksesfol wêze. De kommende tiid sil alles op alles set wurde om mear studinten foar dy oplieding binnen te heljen. Sa sille ûnder oare de talittingseasken oanpast wurde. It tal studinten by de Ryksuniversiteit Grins falt sa ôf dat de universiteit noch gjin perspektyf yn Ljouwert sjocht. It wie de bedoeling dat de dependânse fan de Ryksuniversiteit Grins yn it skoaljier 2017/2018 iepen gean soe.

Temin studinten
De ôfrûne twa jier binne der mar 30 studinten it jier binnenhelle foar de University College Grins, wylst rekkene wie op 100. Dat moat sels groeie nei 200 om de kosten beheind te hâlden.

Oanpaste easken
De easken feroarje sa dat studinten no hiel goed skoare op wiskunde wylst dat foar de oplieding sels net perfoarst needsaaklik is. Neffens in wurdfierder fan de RUG is it noch hieltyd de bedoeling it College yn Ljouwert yn it skoaljier 2017/2018 te iepenjen. Dat de oanfraach letter dien wurdt makket dan neat út. Op in University College wurdt in Ingelstalige Bacheloroplieding oanbean. Studinten meitsje in eigen programma dêr't se trije stúdzjerjochtingen by kombinearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)