Fryske âld-premier Gerbrandy woe yn 1947 steatsgreep dwaan

19 nov 2015 - 12:26

De Fryske âld-premier Pieter Sjoerds Gerbrandy woe yn 1947 in steatsgreep dwaan. Dat stiet yn in nije biografy fan Francois van 't Sant. Dy wie fertrouweling fan keninginne Wilhelmina en hy waard troch de groep rûnom Gerbrandy ynformearre om sa ek de keninginne op de hichte te bringen.

Neist Gerbrandy soe ek Soldaat fan Oranje Erik Hazelhoff Roelfzema belutsen west wêze by de steatsgreep. Om de macht oernimme te kinnen soe ûnder oaren it leger ynsetten wurde.

Mei de steatsgreep woe Gerbrandy foarkomme dat Nederlânsk Ynje selsstannich wurde soe. De steatsgreep gie úteinliks net troch, omdat de militêre ynljochtingetsjinst achter de plannen kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)