Yn Fryslân wurde minder poppen berne as yn rest fan it lân

19 nov 2015 - 11:59

Yn Fryslân wurde folle minder poppen berne as it lanlik gemiddelde. De delgong fan it bertesifer yn Fryslân is 5,3 prosint. Dat flink mear as it lanlike sifer: 3,2 prosint. Ut sifers fan it CBS docht bliken dat er dit jier oant no ta yn ús provinsje 4527 bern berne binne. Dat is 253 poppen minder as ferline jier.

De delgong hat te krijen mei de fergrizing yn Fryslân. In protte jonge minsken ferhúzje fan Fryslân nei de Rânestêd.

Neffens it CBS is de feroarjende arbeidsmerk ek in oarsaak fan it legere bertesifer. Minsken hawwe faker fleksibel wurk, gjin fêste baan mear, en dêrtroch binne se foarsichtiger wurden mei it krijen fan bern.

Trefwurden: 
poppen bern CBS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)