Jan Vlap oan 'e ein fan it seizoen fuort by Harkemase Boys

19 nov 2015 - 10:28

Trainer Jan Vlap ferlit oan de ein fan it seizoen haadklasser Harkemase Boys. Dat brocht de klup tongersdei nei bûten. Beide partijen geane nei goed oerlis útinoar. De Snitser is op it stuit dwaande oan syn twadde seizoen op De Bosk. Ferline seizoen wûn Vlap mei Harkemase Boys de distriktsbeker en grypte er krekt njonken it kampioenskip.

Ek hawwe de Harkiten dit seizoen de earste perioade op harren namme set. Earder wie Vlap trainer by ûnder oaren ASV Dronten en ONS Boso Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)