Auto te wetter by Wergea

19 nov 2015 - 07:22
  • Auto op de kop yn de sleat by Wergea

In bestjoerder is yn de nacht fan woansdei op tongersdei by Wergea mei syn auto yn it wetter rekke. De plysje krige om healwei ienen hinne de melding dat der oan de Warstienserdyk in auto op de kop yn de sleat lei. Doe't de plysje dêr oankaam, wie der net ien mear yn de auto.

Plysjes troffen efkes letter de bestjoerder oan. Hy wie mei de skrik frij kaam. It is noch net dúdlik wat der krekt gebeurd is. De plysje docht fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)