Grousters binne posityf oer nije bouplannen doarpskearn

18 nov 2015 - 23:27

Ynwenners fan Grou reagearren woansdeitejûn oer it generaal posityf op de earste tekeningen fan de nije bouplannen yn it doarp.

Yn hotel-restaurant Oostergoo waarden op in byienkomst fan de gemeente Ljouwert de earste nije bou-inisjativen Volmawei, Hellingshaven en de Minne Finne presentearre. Yn de lêste jierren fan de gemeente Boarnsterhim is der fan dizze plannen net folle terjochte kaam, om't der in soad wjerstân wie tsjin de hege wenningbou.

De gemeente Ljouwert hat in nij plan makke dat ûnder oaren bestiet út wenningbou en it werstellen fan âlde histoaryske diken en paden. Nei oanlieding fan de positive reaksjes sil de gemeente de plannen fierder útwurkje.

Trefwurden: 
Grou bouplannen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)