Ajacieden wolle wedstriid tsjin SC Cambuur boykotte

18 nov 2015 - 21:56

Supporters fan Ajax wolle sneon de earste helte fan de wedstryd tsjin SC Cambuur boykotte. De supportersklup wol guon fakken op de tribunes hielendal leech hâlde. De yngongen fan dy fakken sille se blokkeare. Op dizze wize wolle de supporters protesteare tsjin de bestjoerlike gaos by de klup.

Op de facebookside fan de F-side fan Ajax stiet: "Na overleg en afstemming met groeperingen doet de AFCA Supportersclub een oproep om a.s. zaterdag tijdens de eerstvolgende competitiewedstrijd de vakken op Zuid I en de vakken waar VAK410 op zit, gedurende de 1e helft LEEG te houden. Hiervoor zullen de ingangen op de desbetreffende vakken worden ‘geblokkeerd’." Ofrûne moandei makke Johan Cruijff bekend dat er him weromlûkt as adviseur by de klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)