Talinten Feanster Rugby Akademy belibje feestlike iepening

18 nov 2015 - 21:37
  • De feestlike iepening fan Rugby Akademy NoordOost
  • De talinten fan de akademy op It Hearrenfean komme út Fryslân, Grinslân en Drinte

Bern fan 12 jier en âlder dy't talint hawwe foar rugby kinne tenei terjochte by de Rugby Akademy NoordOost op It Hearrenfean. It doel fan de Rugby Akademy is om jong talint klear te stomen foar it nasjonale rugbyteam fan Nederlân of foar ynternasjonale rugbyklups yn Europa.

De rugby akademy is in gearwurking fan de Nederlandse Rugby Bond en middelbere skoalle OSG Sevenwolden, dy't it Topsport Talent programma hat. Dêr kinne de rugbytalinten fjouwer kear yn de wike traine, en ek gewoan in middelber skoaldiploma helje.

Op dit stuit binne 17 jonges en fammen út Fryslân, Grinslân en Drinte selekteard foar de Rugby Akademy NoordOost. De rugby akademy is al yn augustus úteinset, mar hie woansdeitejûn de feestlike iepening fan it earste seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)