Meiwurkers sosjale wurkfoarsjennings lizze it wurk del

18 nov 2015 - 20:59
  • Caparis
  • Meiwurkers fan Caparis dogge ek mei oan de aksje

Meiwurkers fan de sosjale wurkfoarsjennings lizze it wurk tongersdei del. Op it Maliefjild yn Den Haach komme se fanút it hiele lân by mekoar om aksje te fieren foar in nije CAO.

Ek fanút Fryslân ride dêr trije bussen hinne. Der sille sa'n 160 Fryske meiwurkers meidwaan oan de aksje. De aksjefierders wolle struktureel mear jild en de wurkdruk moat omleech.

De tamimmende wurkdruk is neffens de fakbûnen it gefolch fan it bewust fuortbesunigjen fan de sosjale wurkfoarsjenning-ôfdielings. Dêr bestiet in fakaturestop en mei it ferrin fan âlder persoaniel, moat it wurk troch hieltyd minder minsken dien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)