Qbuzz makket noch kâns op oanbesteging busferfier Fryslân

18 nov 2015 - 20:30
  • Qbuzz

Qbuzz mei gewoan meidwaan oan de oanbesteging fan it busferfier yn Fryslân. Dat blykt út in brief dy't minister Jeroen Dijsselbloem fan finânsjes woansdei oan de Twadde Keamer stjoerd hat. 

It CDA fûn it frjemd dat Qbuzz meidie oan dizze oanbesteging, om't der ûnregelmjittichheden west ha by soartgelikense oanbestegings yn Limburch. De minister seit no dat der fierder gjin ûnregelmjittichheden west ha yn Fryslân, en dat Qbuzz boppedat op dit stuit al foar in grut part ferantwurdlik is foar it Fryske busferfier. 

As it busbedriuw net biede meie soe op de nije konsesje, kin dat gefolgen ha foar reizgers, wurknimmers en oaren. Dat soe net soarchfâldich wêze, seit de minister.

Der binne fjouwer busferfierders dy't it ferfier yn Fryslân dwaan wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)