CBS: Fergrizing by Fryske boeren it grutst op It Amelân

18 nov 2015 - 19:51

Op It Amelân wurdt 45% fan de 76 lân- en túnboubedriuwen lieden troch in boer dy't 65 jier of âlder is. Dêrmei stiet it eilân op it twadde plak yn in ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek nei de fergrizing op buorkerijen. Oer it generaal nimt de fergrizing jierliks ta. De gemeente Oostzaan is koprinner. Yn dy gemeente is 55 persint fan de boeren 65-plusser.

Dat It Amelân sa heech skoart, kin dermei te krijen hawwe dat de agraryske bedriuwen dêr ek rekreaasje-aktiviteiten as bedriuwstak hawwe.

Ut it CBS-ûndersyk blykt fierder ek dat boeren fan 65 jier of âlder faak help krije fan famyljeleden. Ek binne de buorkerijen fan boeren op leeftiid rûchwei in stik lytser as dy fan jongere boeren. Lanlik sjoen is hast in kwart fan de boeren 65 jier of âlder.

Trefwurden: 
boeren fergrizing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)