File op de A32 by It Hearrenfean troch ûngelok

18 nov 2015 - 19:05
  • Troch it ûngelok stiet der in file op de A32 by It Hearrenfean

Op de A32 by It Hearrenfean binne trije auto's op mekoar botst. It giet om in kop-sturt botsing. Der binne yn alle gefallen trije minsken ferwûne rekke. Dy binne nei it sikehûs brocht.

De oanriding soarget foar in file op de A32. Ferkear kin mar ien rydstrook brûke. Auto's ride der stadich by del.

Ek op oare plakken yn de provinsje ha oanridings west. Mooglik dat it minne waar dêr de oarsaak fan is. It liket derop dat it ferkear dêr aardich lêst fan hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)