Preemje basisfersekering De Friesland giet omheech yn 2016

18 nov 2015 - 18:24

De preemje fan de meast keazen basisfersekering fan De Friesland giet takom jier mei 4,55 euro omheech. Dat hat de soarchfersekerder woansdei bekend makke. Dy seit dat de ferheging nedich is, omdat de soarch ek takom jier wer djoerder wurdt.

Om foar te kommen dat de preemje noch mear omheech moat, sprekt De Friesland syn reserve oan. Dêr wurdt takom jier 68 miljoen út helle.

Nei de ferheging moat der foar de populêrste basisfersekering fan De Friesland 106,50 euro yn 'e moanne betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)