'Frysk bataljon' krijt les yn Fryske skiednis

18 nov 2015 - 17:23

It Johan Willem Friso Bataljon krige woansdei in les Fryske skiednis. 50 Jonge soldaten fan it saneamde Fryske bataljon krigen alles te hearren oer de man dêr't harren bataljon nei neamd is. Mar ek koene se prate mei feteranen fan it bataljon dy't earder útstjoerd waarden nei fiere oarden lykas resint Afganistan, mar ek earder Libanon en noch folle earder Nederlânsk Ynje.

Neffens de lieding fan it rezjimint is it wichtich dat soldaten witte wat harren oarsprong is om in bettere militêr te wurden. Tongersdei wurde de soldaten offisjeel beëdige en takom jier útstjoerd op missys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)