Harns wurket hurd oan fuortwurkjen efterstân helpoanfragen

18 nov 2015 - 17:11

De gemeente Harns hat ferfangers fûn foar syn gebietsteam. Dat team beoardielet oanfragen foar help. Troch sykte wie der in flinke efterstân ûntstien en de gemeente hopet dy mei help fan de ferfangers sa gau mooglik yn te heljen.

It finen fan ferfangers foar gebietsteams is lykwols dreech, omdat it om spesjalistysk wurk giet. Harns fersekeret dat minsken dy't akute help nedich hienen, dy wol krigen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)