Sandor van der Heide giet mei goed gefoel fuort by Cambuur

18 nov 2015 - 15:28
  • Sandor van der Heide

Sandor van der Heide giet dochs mei in goed gefoel fuort by SC Cambuur. Dat seit hy in wike neidat de direksje him op in sydspoar sette as assistint-coach fan it earste alvetal. Dat beslút kaam oan as in mokerslach by Van der Heide.

It klupikoan waard mei ferantwurdlik hâlden foar de mindere resultaten fan de Ljouwerters yn de earedivyzje. Ek in soad minsken binnen Cambuur en in grut tal supporters wiene min te sprekken oer it ûnferwachte beslút fan de direksje.

Wer troch ien doar mei bestjoer
Lykwols kin der yn in wike tiid in soad feroarje. Mei de Cambuur-direksje kin hy, nei in goed petear, wer troch ien doar. En Sandor van der Heide wurdt de rest fan it seizoen haadcoach by sneonstopklasser IJsselmeervogels. Hy begjint kommende moandei mei syn earste training by de klup út Spakenburg. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)