Bettere fytsfoarsjennings nedich yn striid tsjin ûngelokken

18 nov 2015 - 14:29

Der moat mear jild ynvesteard wurde yn fytspaden en fytsfoarsjennings. Dêrfoar pleitet Kees Mourits fan it Fryske fytsersbûn. Hy reagearret op in ûndersyk fan de Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid. Derút docht bliken dat hieltyd mear minsken ferwûne reitsje yn it ferkear. Dat is it ôfrûne jier yn Nederlân mei 10% omheech gien nei hast 21.000 minsken. It grutste part fan dizze groep is fytser.

Ien fan de oarsaken is dat der mear fytsers op de dyk komme. Ek fytse âldere minsken mear troch de komst fan de E-bike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)