De Westereen hat der sân nije huzen by

18 nov 2015 - 14:16

De Westereen hat der sân hierwenten by. Wenningkorporaasje Thús Wonen hat de hûzen, dêr't minsken sa lang as mooglik yn wenje kinne, boud oan de Eyssemawei. De wenningen hawwe ûnder in sliep- en badkeamer en kinne op de earste ferdjipping maklik ferboud wurde. Alle wenningen binne al ferhierd.

De offisjele oerdracht is op 23 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)