Lintsje útrikt oan Koen de Maat fan Harns

18 nov 2015 - 13:54

De 81-jierrige Koen de Maat fan Harns hat woansdeitemiddei in keninklike ûnderskieding krigen. De Maat waard beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau fanwege syn wurk foar it plysjefakbûn VMHP. Dêr waard er yn 1958 lid fan en ek nei syn pensjonearring yn de jierren 90 bleau er dêr aktyf foar. Yn 2007 wie De Maat de oprjochter fan in belangeferiening fan plysjeminsken dy't mei pensjoen binne.

De Maat krige syn ûnderskieding yn Baarn opspjelde troch boargemaster Roel Sluiter fan Harns, dat wie nei in gearkomste fan de belangeferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)