Mooglike feroarsaker ûngelok Peins meldt har by plysje

18 nov 2015 - 12:52

De feroarsaker fan it ûngelok op de Sweinserdyk by Peins dêr't tiisdeitejûn in 17-jierrich famke slim ferwûne rekke, is in 50-jierrige frou út de gemeente Frjentsjerteradiel. Se hat har woansdeitemoarn sels by de plysje melden. De plysje moat noch in ferklearring ôfnimme en kin dêrom noch gjin fierdere meidielings dwaan.

It slachtoffer út Menaam waard troch in auto oanriden. De bestjoerster ried dêrnei troch. Foarbygongers fûnen it famke swierferwûne op strjitte lizzen. It slachtoffer is nei it UMCG-sikehûs yn Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)