Plysje siket tsjûgen fan stellerij fan sloep yn Drachten

18 nov 2015 - 12:26
  • De stellen sloep

Fan it hiem fan in wenning oan de Gjalt de Jongstrjitte yn Drachten is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in oplizzer mei in sloep stellen. It giet om in swarte sloep mei in 15 pk Suzuki bûtenboardmotor. Achterop en op de sydkant stiet de namme LotteRoosje.

Neffens de plysje is de trailer achter in lytse donkere stationauto keppele. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)