Studinten sille Ljouwerter oaljemûne 'De Eendragt' opknappe

18 nov 2015 - 11:22

De oaljemûne 'De Eendragt' oan de Dokkumertrekwei yn Ljouwert sil troch studinten fan Stenden, Friesland College en NHL opknapt wurde. De mûne is mear as 200 jier âld en is fan Stenden. De mûne is in gemeentlik monumint, allinnich de ûnderkant stiet noch oerein. Yn 2014 is de mûne troffen troch brân.

De studinten begjinne yn 2017 mei de restauraasje, der komt ûnder oare in stiltesintrum yn, dat ek foar konferinsjes en kolleezjes brûkt wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)