Fjochtsjende bruorren slaan plysje bril fan de holle

18 nov 2015 - 11:07

Twa bruorren fan 23 en 26 jier binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei oppakt neidat se in plysje slein hiene. De plysje waard oproppen foar fjochterij yn it hoarekagebiet by it Ruterskwartier. De manlju wegeren mei te wurkjen en misledigen de plysjes. Doe't dy ien fan de bruorren oanhâlde woe, sloech de oare broer ien fan de plysjeminsken de bril fan de holle. Nei in koarte wrakseling binne se beide oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

De bruorren hawwe in hoarekaferbod oplein krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)