Miljoen euro foar maatskiplike inisjativen Eaststellingwerf

18 nov 2015 - 11:05

De gemeente Eaststellingwerf stelt in miljoen euro beskikber foar de útfiering fan maatskiplike inisjativen. Ferienings, stiftings en ynstellings komme faak mei goede ideeën, mar der is hiel faak gjin jild om dy ideeën út te fieren. It jild dat de gemeente no beskikber stelt, moat dêr feroaring yn bringe.

Wethâlder Engbert van Esch tinkt oan inisjativen dy't te krijen hawwe mei ekonomyske ûntwikkeling, leefberens, natoer en miljeu. Ferienings, stiftings en ynstellings kinne dêr yn koarten subsydzje foar oanfreegje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)