Russyske frachtweinsjauffeur trapearre op tachograaffraude

18 nov 2015 - 10:41

De plysje hat tiisdeitemiddei op de A6 by De Jouwer in Russyske frachtweinsjauffeur trapearre op fraude mei de tachograaf. De man hie de apparatuer ferstoppe yn in geheime romte yn syn desboerd. Om der by te kommen waard it desboerd útelkoar helle.

De man mocht net fierder ride en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)