Hûnderten bern moatte mear bewege mei 'lekker fit'

17 nov 2015 - 22:59

Hûnderten bern fan it bysûnder ûnderwiis yn Snits koene tiisdei yn de kunde komme mei it spesjale 'Lekker Fit' programma fan Sport Fryslân. Oan de hân fan dat lesprogramma krije de bern in jier lang ekstra lessen oer sûn iten en drinken en oer mear bewege.

Neffens gymlearaar Gerrit Blom fan SBO De Súdwester is it foar guon bern wol nedich dat der wat ekstra omtinken is foar sûnens. Sa wurdt der in soad gamed troch de bern en stiet bewege op it twadde plak.

It 'Lekker Fit' programma draait al wat langer op reguliere basisskoallen, mar is sûnt dizze moanne ek foar it earst beskikber foar spesjaal ûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)