Oprop seehûnekresj: bliuw ôf fan wite seehûnepups

17 nov 2015 - 22:43

De seehûnekresj Pieterburen docht in oprop oan minsken om út de buert fan jonge wite seehûnepups by de Waadeilannen te bliuwen. It seizoen foar de berte fan de grize seehûn is wer begûn. De pups binne altyd wyt.

Foar in perioade fan trije wiken docht de mem neat oars as jeie yn it wetter en molke jaan oan de jongen op it lân. By it jeien liket it krekt oft de pup allinnich achterlitten is, mar de mem is dan noch wol yn de buert. As se minsken sjocht kin it wêze dat se net werom doart te gean nei de pup.

It bistje bliuwt dan allinnich achter en sil it sûnder help net rêde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)