Ljouwerter skriuwster: "Beatrix hat fruit stellen"

17 nov 2015 - 22:09

Prinses Beatrix is as bern in kear mei har suster Irene en noch wat klasgenoaten arrestearre omdat se fruit stellen hiene by in grientesaak. Mei dat nijs komt de yn Ljouwert berne skriuwster en histoarikus Annejet van der Zijl yn har boek 'De Amerikaanse prinses'.

Yn it boek wurdt it turbulente libben beskreaun fan Allene Tew, ien fan de peetmemmen fan prinses Beatrix. Tew hellet de stellerij oan yn in brief.

De mem fan Beatrix, Juliana, waard troch de plysje belle nei oanlieding fan it foarfal. Dy frege wat de straf wie. Twa oeren sel liet de plysje witte. Juliana woe graach dat harren dochters in oere ekstra krigen, omdat se in foarbyld wêze moasten foar de rest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)