Ynfojûn Harns: COA wol petear oer AZC mei eltse gemeente

17 nov 2015 - 20:41

It COA (Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers) wol in petear mei eltse gemeente oer in AZC. Dat sei Anneke Haarsma fan it COA tiisdei op in ynformaasjejûn yn Harns oer de opfang fan flechtlingen. Harns hat offisjeel noch gjin fersyk krigen, mar kin dit wol ferwachtsje, sa seit Haarsma. It COA hat kapasiteit nedich, sadat krisisopfang en needopfang net mear nedich is.

It giet dan om de opfang foar 500 oant 600 flechtlingen.

In pear hûndert minsken kamen ôf op de ynformaasjejûn oer de opfang fan flechtlingen yn de gemeente Harns. Se waarden by de yngong strang kontrolearre. Allinne ynwenners mei in persoanlike útnoeging wiene wolkom.

Harns hat al in oantal lokaasjes foar in AZC yn de gemeente op it each. It giet dan om in terrein lâns de Westerseedyk of it terrein by Spaansen. Ek bestiet der neffens boargemaster Sluiter fan Harns noch de mooglikheid om flechtlingen op te fangen op in skip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)