Fotograaf út De Harkema by ûntromming stadion Hannover

17 nov 2015 - 20:25

De Ljouwerter fotograaf André Weening wie tiisdeitejûn by it fuotbalstadion yn Hannover doe't bekend waard dat de wedstryd tusken Dútslân en Nederlân net troch gie. Eltsenien dy't by it stadion wie moast dêr wei. Weening stie mei kollega's de spilersbus fan Oranje op te wachtsjen. Earst kaam in kordon mei plysjes sizzen dat se fuort moasten, dêrnei waard troch de Dútske plysje ek in lûdswein ynsetten.

Neffens Weening wie der gjin publyk noch yn it stadion. Ek wie der gjin panyk. Alle taskôgers binne nei hûs ta gien.

Weening bliuwt foarearst by it stadion om't noch in soad guod fan him binnen leit. Hy wit net wannear't er dat werom krijt. 

Neffens de plysje fan Hannover is der in konkreet gefaar foar de hiele stêd. De plysjesjef siet dat der serieus plannen binne om 'yts' ûntploffe te litten. 

Ek Kommissaris fan de Kening John Jorritsma wie yn it stadion. Hy is yntusken wer feilich yn syn hotel. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)