Stoarmwaar hâldt oantal fearboaten woansdei oan de wâl

17 nov 2015 - 16:25
  • Sneltsjinst Doeksen

Rederij Doeksen lit fanwege de ferwachte waarsomstannichheden woansdei in tal ôffearten ferfalle. It giet om de sneltsjinst fan Harns nei Flylân om 17.25 oere, fan Skylge nei Flylân om 18:20 oere en fan Flylân nei Harns om 18:55 oere. Der giet in ekstra boat om 17:00 oere fan Flylân nei Harns en ien om 19:00 oere fan Harns nei Flylân.

De boat fan en nei Skylge giet wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)