Fragen foar de gemeente? Stel se mei WhatsApp

17 nov 2015 - 12:45
  • Whatsapp

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne sûnt tiisdei ek berikber fia Whatsapp. De gemeenten wolle hjirmei de tsjinstferliening ferbetterje. Ynwenners kinne fia Whatsapp fragen oan de gemeente stelle. Dy wurde sa gau as mooglik beantwurde troch meiwurkers fan it klantkontaktsintrum.

De gemeenten sizze der wol by dat se gjin privacy-gefoelige ynformaasje fia Whatsapp diele sille.

It nûmer fan Achtkarspelen is 06-53558757. Tytsjerksteradiel is te berikken op 06-21154897.

Njonken dizze twa gemeenten hawwe ek ûnder oaren Smellingerlân en Hearrenfean al in WhatsApp-tsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)