"Gemeente Ljouwert fierde regels by Psy-Fi bewust net út"

17 nov 2015 - 10:54
  • It Psy-Fi festival fan 2015

Stichting Groene Ster Duurzaam ferwyt de gemeente Ljouwert dat dy it eigen belied en in útspraak fan de rjochter oer de regels rûnom it Psy-Fi festival bewust net útfierd hat. De stichting seit dat gemeente yn 2015 net optreden hat tsjin de nachtlike lûdsoerlêst fan it dance-festival yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer, wylst dat fan de rjochter wol moast. It giet om in útspraak begjin dit jier.

De bewearing dat de organisaasje fan Psy-Fi net wer nei Ljouwert komt nei oanlieding fan nije regels, doocht neffens de stifting dan ek net.

It giet om besteande regels wêrfan de gemeente no sein hat dy yn de takomst wol te hânhavenjen, sa seit Groene Ster Duurzaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)