Grousters hjitte flechtlingen wolkom, mar binne ek kritysk

16 nov 2015 - 19:45

In mearderheid fan de Grousters hat gjin problemen mei it langere ferbliuw fan de flechtlingen yn wetterhostel Oer 't Hout yn Grou. Dat die moandeitejûn bliken by in ynformaasjegearkomste fan it COA en de gemeente. Yn it hostel wurde sûnt 10 novimber flechtlingen opfongen. Earst gie it om krisisopfang, no wurdt it needopfang. Dat betsjut dat de flechtlingen oant 30 april yn Oer 't Hout bliuwe.

Der is ek krityk fan omwenners, dy fine dat der amper mei har oerlein is. Ek meitsje se harren soargen oer de gearstalling fan de groep. Op dit stuit binne it benammen gesinnen dy't yn Grou opfongen wurde, en de omwenners soene it leafst sjen dat dat sa bliuwt.

De plysje, it COA en de gemeente ha tasein dat se der alles oan dwaan sille om de oerlêst te beheinen. It COA kin lykswols gjin inkele tasizzing dwaan oer wa't nei de opfang komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)