Drachten moat wer begjinne te brûzjen

16 nov 2015 - 17:18

Drachten moat in brûzjend sintrum wurde. Dat is it mienskiplike doel fan de ûndernimmers yn dat doarp. Se wurde dêr de kommende tiid by holpen troch CityLab. Dat is in ûndersyksburo dat ferbûn is oan de NHL en ROC Friese Poort en it konsuminte-ûndersyk docht.

CityLab is op dit stuit ek aktyf yn Ljouwert, Burgum en Boalsert. Yn Drachten waard moandeitemiddei in nije lokaasje iepene, oan it museumplein.

Trefwurden: 
Drachten CityLab
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)