Fjouwer bedriuwen nominearre foar 'High Growth Award'

16 nov 2015 - 16:39
  • DMT Environmental Technology is ien fan de 4 nominearre bedriuwen

Fjouwer Fryske bedriuwen binne nominearre foar de 'High Growth Award' fan Noard-Nederlân. Dizze priis wurdt troch ûndernimmersplatfoarm Port4Growth elts jier útrikt oan de bêst en fluchst groeiende bedriuwen yn Nederlân.

Yn eltse regio wurdt in winner oanwiisd en út de regiowinners wurdt op 25 novimber de lanlike winner bekend makke troch in sjuery fan finansjeel eksperts. De nominearre bedriuwen út Fryslân binne DMT Environmental Solutions fan De Jouwer, Hamilton Bright fan Snits, Health2Work fan Surhústerfean en Krikke út Grou.

DMT Environmental Solutions is spesjalisearre yn duorsume technology, Hamilton Bright út Snits is in marketingbedriuw. Health2Work fan Surhústerfean rjochtet him op ergonomyske produkten en de firma Krikke fan Grou is in kulinêre gruthannel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)