Woudagemaal moat oan om heech wetter fuort te pompen

16 nov 2015 - 15:02
  • It Woudagemaal

It Woudagemaal by De Lemmer giet moandeitejûn oan. Dat is nedich omdat der nochal wat rein ferwachte wurdt en de spuislûzen oan it waad it wetter hast net fuortwurkje kinne. Dat komt trochdat it wetter op de Waadsee hiel heech stiet. It Hooglandgemaal yn Starum is al sûnt freed yn bedriuw.

It Wetterskip ferwachtet dat beide grutte gemalen oant en mei snein draaie moatte. It Woudagemaal is dizze kear net iepen foar publyk. Dat is omdat der de ôfrûne tiid asbest opromme is.

It Wetterskip lit wilens it meallen earst mjittingen dwaan, om der wis fan te wêzen dat der gjin risiko's binne as it gemaal yn bedriuw is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)