De wetterskipslêsten takom jier bytsje omheech

16 nov 2015 - 14:50
  • Kantoar fan it Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

It Wetterskip ynvestearret takom jier 62 miljoen euro yn it wetterbehear yn Fryslân en it Grinslanner Westerkwartier. It jild giet nei it ferbetterjen fan diken bygelyks op It Amelân, by De Lemmer en by Akkrum. Fierder ferfangt en renovearret it Wetterskip gemalen en giet der jild nei in goeie oan- en ôffier fan wetter.

Om dat allegear betelje te kinnen, geane de wetterskipslesten takom jier mei 6 euro yn 't jier omheech. It Wetterskip besuniget ek nochris twa miljoen euro.

De begrutting oer 2016 fan it Wetterskip telt mei-inoar 129 miljoen euro oan ynkomsten en útjeften.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)