Provinsje iepenet kondoleânsjeregister foar Parys

16 nov 2015 - 14:16
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

Fan tiisdei ôf kinne minsken yn it provinsjehûs yn Ljouwert in kondoleânsjeregister tekenje foar de slachtoffers en neibesteanden fan de terroristyske oanslaggen yn Parys. It kolleezje fan deputearre steaten sil it register tiisdeitemoarn om njoggen oere as earste tekenje.

It register kin tekene wurde oant en mei kommende freed. Dêrnei sil it provinsjebestjoer it register oanbiede oan de ambassadeur fan Frankryk yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)