Natuerorganisaasjes geane striid oan mei plestik sop

16 nov 2015 - 14:06

Allerhanne organisaasjes en bedriuwen dy't aktyf binne yn it Waadgebiet sille tenei mear gearwurkje yn de striid tsjin plestik sop yn de Waadsee. Wetterskip Fryslân en it Fryske Gea dogge bygelyks ek mei. Inisjatyfnimmer is Nienke Dijkstra út it Grinslanner Den Horn fan de webside Doe eens Wad.

Sy rommet no sels ôffal op en is bliid dat it probleem no ek by oare ynstânsjes op de aginda stiet. De kommende tiid sille de organisaasjes de ôfspraken fierder útwurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)