Moatte wy daliks belesting betelje foar ús kraanwetter?

16 nov 2015 - 13:37

Wetterbedriuw Vitens wol net dat gemeenten tastimming krije om belesting te heffen op wetter. Moandei praat de Twadde Keamer oer de ynfiering fan dizze prekarioheffing. As dat trochgiet binne klanten miskien wol sa'n 50 euro yn it jier mear kwyt oan wetter.

De polityk praat al jierren oer dizze belesting en koartlyn bepaalde de rjochter dat gemeenten dizze belesting wol heffe meie. In tredde part fan de Vitens-gemeenten wolle no oergean op dizze prekarioheffing.

Vitens fynt dit in minne saak, omdat kraanwetter fan libbensbelang is en sa goedkeap mooglik wêze moat. Belestingheffing past dêr net by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)