Bestelauto rekket fan de dyk by Kollum: twa minsken ferwûne

16 nov 2015 - 13:02

By in ûngelok op de Lauwersmarwei by Kollum is moandei om it middeisoere hinne in bestelauto yn de berm rekke en dêrnei oan de oare kant fan de dyk yn de sleat telâne kaam. De twa ynsittenden rekken ferwûne.

De helptsjinsten rukten manmachtich út en hellen de slachtoffers út de auto. Dy binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Kollum Lauwersmarwei ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)