Omrop TIP: Krimpdebat fan Ljouwerter Krante live by de Omrop

16 nov 2015 - 10:50

Fryslân rint stadichoan leech. Kin dy trend noch keard wurde? En wat kinne jo dêr oan dwaan? Dy fragen steane sintraal yn de Jûn fan de Krimp. De Ljouwerter Krante organisearret in debatjûn oer krimp. Sprekkers binne VVD-minister Stef Blok fan Wenjen, heechlearaar steatsrjocht Hans Engels, bestjoerder by ZuidOost-Zorg Anke Huizenga en Herwil van Gelder, wethâlder yn krimpgemeente De Marne.

Omrop Fryslân stjoert it debat live út op Omrop Live.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)