Manlju gean mekoar te liif mei heafoarke en samuraiswurd

16 nov 2015 - 09:42

Trije Ljouwerters binne mekoar sneintemiddei te liif gien mei in heafoarke, fjochtstokken en in samuraiswurd. It giet om trije manlju fan 19, 46 en 48 jier. De twa âldere manlju krigen op de Bordinewei rûzje mei mekoar. De 46-jierrige Ljouwerter stuts de 48-jierrige mei de heafoarke. Dy ferdigene him mei fjochtstokken, twa koarte stokken dy't mei in ketting mei mekoar ferbûn binne.

De 19-jierrige Ljouwerter drige yn earste ynstânsje mei in mes, mar kaam dêrnei werom mei in samuraiswurd. De plysje helle de fjochtersbazen út mekoar.

Ek ha de plysjeminsken de wapens yn beslach naam. De manlju sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.

Sa is noch net dúdlik wêrom't de Ljouwerters rûzje mei mekoar hiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)